Kollum Ferdinand de Jong: Het grote chagrijn

logo.ensafh

Mei’t de lêste sniebulten râne, moatte we mei syn allen suver even bekomme fan it kadootsje dat we fan Kening Winter krigen. Selden ha ik yn de lêste jierren safolle bliere minsken sjoen. Op it iis, sa treflik beskreaun troch kollega Hylke Speerstra, mar ek op oare plakken. De bern dy’t op sliden achter auto’s en trekkers oansleept waarden. Mei reade wangen en soms gierend fan de wille. Fan it talúd fan mannich fiadukt glierden oant yn de jûntiid bern op plestik sekken, op ús deistich loopke nei it jûnsiten hearden we se roppen en foaral: laitsjen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: It grutte ynklaufestival

logo.ensafh

It is grut feest. Der komt in knoarre jild beskikber foar it ûnderwiis. Yn Fryslân noch mear as op oare plakken want Deputearre Steaten sille harres der ek ta dwaan. Dan kinne de Fryske berntsjes nei in Frysktalige – (of in meartalige fansels, mar dat is logysk) – teaterfoarstelling. Dat sil foar it Frysk fansels gâns fertuten dwaan en kin de ôfslutende musical fan groep 8 moai yn it Ingelsk mei in pear wurden Hollânsk der troch.

Ik ried de lokale toanielferienings oan de generale repetysjes foar de útfierings alfêst te foarsjen fan in tagongskaartsje fan in euro as fiifentachtich of sa.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: juffer Peenstra

logo.ensafh

Ik hadde et gister in mien kollum Winter in de kraante ok over juffer Peenstra van mien legere schoele. Daor kwam nog een reaktie op van een oold-Berkoper die now in Et Vene woont. Hi’j mailde me dat hi’j as jonge wel bi’j heur in huus kwam en dat hi’j dan een koppien thee en een koekien van heur kreeg. Hi’j vun et altied zoe’n aorige, lieve vrouw. En dat was ze ok!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Helikopterâlden: oanstelle is ek in fak

logo.ensafh

Miskien ha jim de petysje foarbykommen sjoen: Tegen het op corona testen van kinderen op school. Asto as âlder derop tsjin bist dat dyn bern test wurdt nei in besmetting yn de klasse, wurdst oproppen om dy petysje te ûndertekenjen. Foar de dúdlikheid: it testen is gjin ferplichting. Meist dyn bern ek fiif dagen langer yn karantêne hâlde, dan hoege se net oan de terreur fan it wattestokje bleatsteld te wurden. De inisjatyfnimmers fan de petysje slepe de grûnwet derby om harren ôfgriis oer de ûnminsklike behanneling fan de bern in wetlike basis te jaan, se ferwize dêrby nei in passaazje oer de ûnskeinberens fan it minsklik lichem.… Lês fierder