It sit it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert net mei. Krekt as alle oare ynstellingen hat it te krijen mei koroanaswierrichheden. Dat betsjut dat it oan 2 maart ta ticht is. Dêr steane fergoedingen foaroer, mar dy meitsje dat allegearre grif net goed. It Natuermuseum hat ek lêst fan it skeel tusken de eardere direkteur en de meiwurkers. “Hy derút, of wy derút”, lies ik earne yn in krante. It waard de direkteur. Sûnt koart is der in nije ynterimdirekteur oansteld. Dy swierrichheden ha jild en enerzjy ferge. Dat is spitich. Beide hiene better oars ynset wurde kinnen. Dêr komt noch by dat de Provinsje minder subsydzje beskikber stelt.… Lês fierder