Kollum Gerard de Jong: Helgoland

logo.ensafh

Met een besoeky hewwe je Helgoland wel bekeken. Dat is gyn diskwalifikasy; d’r binne plakken der’t je überhaupt nooit hine hoeve. Maar ‘n lust foor ’t oog is ’t niet. At je fan de feerboat ôfkomme – met personeel dat je soa bot en luud mooglik útsegent omdat op ‘e boat ’n rûgsak dos ooit útfonnen om op ‘e rûg te dragen, niet op ‘e rûg mâg. Op ‘e búk, tussen de benen, op ‘e kop, op ’n ânder syn kop: alles mâg, maar nièt. òp. dè. rûg! ‘Rücksak! Rücksak!’ – prebere tientallen tax free-winkels de andacht nag ôf te laiden, maar derna kin ’t ailand hur angesicht niet langer ferberge.… Lês fierder

Afgestoft: Buiten adem (Harmen Wind)

logo.ensafh

Geen week zonder poëzie! Deze keer de recensie van een bundel van Harmen Wind, wiens gedichten je tegenwoordig nog veel te weinig leest. Zijn romans zijn van wisselende kwaliteit, maar Het verzet (2002) is een mooi boek.

De recensie van Buiten adem werd gepubliceerd in Liter 16, jaargang 4 (maart 2001).  Verder in dit nummer: gedichten van Menno van der Beek, Len Borgdorff, Jaap Zijlstra en Lloyd Haft, met wie er ook een interview (door Gerda van de Haar) is opgenomen. Hans Werkman schrijft over Flipje en Van Bergen, George Harinck over Rudolf van Reest in Amerika en Dirk Zwart gaat in op de bloemlezing Symbolen & cimbalen en interviewt de drie samenstellers: Klaas de Jong Ozn, Hans Werkman en Jaap Zijlstra.… Lês fierder

Siri en Google fersteane aanst ek Frysk mei tank oan Igor Marchenko út Ruslân

logo.ensafh

“Hé Google, spylje ‘Rûchhouwer’ fan De Hûnekop.” Lytse kâns dat it apparaat it goeie ferske ôfspylje sil. Mar as it oan de Russyske Igor Marchenko leit, feroaret dat aanst.
Foar syn promoasjeûndersyk oan Campus Fryslân (RUG) wol hy derfoar soargje dat spraaktechnology aanst ek beskikber komt foar it Frysk.
As Marchenko oer strjitte rint, kin er it net litte om efkes te lústerjen nei de minsken om him hinne. Frysk, Ljouwerters, Hollânsk. Op basis fan de klanken kin er útmeitsje hokker taal oft it is. Hy ferstiet noch lang net alles, mar fynt it machtich nijsgjirrich hoe’t minsken de taal brûke en wannear.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: It ûnbeneamde wekker roppe

logo.ensafh

Wêr docht men jins dichters op, freget Eeltsje Hettinga daliks oan it begjin fan syn essee-bondel Stikken. It wie Hettinga sels dy’t my op it spoar sette fan Syds Wiersma. As jonge stêdsdichter wie ik dwaande mei it boek Poëtisch Leeuwarden en socht dichters om in bydrage.

Fan Wiersma hie ik doe nea heard. Net sa raar, want syn iennichste bondel wie hast fyftjin jier dêrfoar ferskynd. Fia Hettinga kaam ik mei him yn kontakt en dat levere in gedicht op dêr’t ik daliks fan ûnder de yndruk wie: Saudade op de stad.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Hè hè en oare wurden dy’t wy ûngemurken sizze

logo.ensafh

Nei en oer in perioade fan ‘artist in residence’ yn Ingelân hat Pauline Cornelisse in hiel aardich essee (essay mei ek) skreaun. Foar wa’t net bekend is mei it begryp artystresidinsje sitearje ik de skriuwster: “Dat je dan weg van huis bent en aan iets mag werken wat niemand hoeft te begrijpen.”

Gelokkich jout it boekje mear dúdlikheid. It giet oer modale partikels, wurden dy’t de sfear yn de kommunikaasje wat noflik hâlde moatte, mar sels amper bydrage oan de ynhâld. Suver sûnder betsjutting hawwe se dochs in wichtige funksje yn in petear. Foarbylden as ‘eens’, ‘wel’, ‘soms’ , ‘eigenlijk’ binne der yn it Frysk likegoed, ris, wol, soms, eins/einliks.… Lês fierder

Sa lêze wy thús

logo.ensafh

“Foarlêzen is foar ús hiel belangryk. Alle jûnen foar it sliepen gean mei Mads twa boekjes kieze dy’t wy tegearre lêze. Soms ‘lêst’ hy ús foar yn syn eigen taal ‒ hy kin fansels noch net lêze – en dat is sa moai om te hearren! It is foar ús echt in momint mei syn twaen, wy genietsje dêr allegear fan. Wy lêze eins altyd yn it Frysk foar, omdat wy it belangryk fine dat hy de Fryske taal goed meikrijt. Wy ha dan ek in soad Fryske printeboeken. Mar ek de Nederlânske boeken lêze wy hast altyd foar yn it Frysk, dat giet eins automatysk.… Lês fierder