Ik hie it nea tocht, mar ik sjoch hieltyd minder telefyzje. Der wurdt hieltyd sein dat soks foar de jongerein jildt, mar ik ha der dus ek lêst fan. It hat te krijen mei myn foarkar. Ik hâld fan nijs- en praatprogramma’s, fan diskusjes. Sokke programma’s hiene altyd al it beswier dat se jûns betiid of krekt let útstjoerd wurde en in dei letter is it âld nijs. Dat is noch dêroan ta, mar stadichoan falt op dat it tal ûnderwerpen hieltyd beheinder liket te wurden. It giet de redaksjes fan dy programma’s om de grutte barrens. Dêr wolle se it allegearre oer ha.… Lês fierder