Kollum Ferdinand de Jong: Iepen brief oan Carola Schouten

logo.ensafh

Achte frou Schouten. Myn namme is Jan de Boer, ik bin 44 jier. Mei myn frou en myn beide prachtige bern wenje wy op in boerepleats. We melke 125 kij en besykje safolle mooglik om in goed en sûn produkt te leverjen. It plak dêr’t wy wenje is al generaasjes fan myn famylje. It leit op in geweldich moai plak, flak tsjin in natuergebiet oan. Wy sjogge de kraanfûgels maitiids oankommen en we genietsje fan al it oare dat groeit en bloeit.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Workshop poëzij yntegreare

logo.ensafh

Mei sinteklaas wurdt myn webside altyd wat faker besocht as oars. Faaks om’t ik yn it ferline foar Omrop Fryslân wat skriuwtips jûn ha foar sinteklaasgedichten. Dat leit no alwer achter ús, lykas de workshop dy’t ik flak foar sinteklaas op de Pabû yn Emmen jûn ha. Dy workshop stie ek yn it ramt fan tips. It wie foar de lêsdei, mar ik ha it benammen oer skriuwûnderwiis hân, en hoe’t je poëzij dêrby brûke kinne. It is faaks wol nijsgjirrich om wat mear oer myn workshop te fertellen, ek om’t it in oanpast ûnderdiel is fan in grutter plan dat ik yntsjinne ha binnen Taalplan Frysk.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: It is der: It Ferbeane Boek!

logo.ensafh

Foar in skriuwer is it altyd in momintsje; it doaske of de doaze, dat hinget fan de dikte fan it boek ôf, leit stiif ticht foar dy op ‘e tafel. En al witst wat deryn sit, dochs hast wat fan spanning by dy. Hoe sil it der yn it echt útsjen? Bist tefreden of sjochst fuort op it omslach in loeier fan in flater stean? Hoe tûkt it, hoe fielt it?

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder

Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Ynternasjonalisearring

logo.ensafh

Yn it Dútsk, Platdútsk en Nederlânsk oer it Sealterfrysk prate, dêr bestie in grut fan myn earste wurkdei as wittenskiplik meiwurker by de Oldenburgische Landschaft út. It is wurk yn de regio, ommers: Oldenburg en it Sealterlân binne mar in oerke riden fan myn hûs yn Grinslân, mar it is ek ynternasjonalisearring. It is sels ynternasjonalisearring fan it ferrykjende type: meartalich, mei in grut respekt foar it karakter fan de regio, mar mei ynbring fan minsken fan beide kanten fan ’e grins, dy’t beide har eigen ûnderfiningen en kultuer meinimme.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Daam de Vries: Beppe sil nei it flatsje

logo.ensafh

Boike Mark en jonkje Hugo sille jûn wer in foarstelling jaan. Wy witte fansels noch net hokker krystmenu se oan it tarieden binne mar der wurdt sein dat der net folle smaakliks te ferwachtsjen is. It soe dus wolris wêze kinne dat se sizze dat it foar alles fierwei it bêste is dat it kindeke Jezus ek efkes in mûlkapke oan docht. Want no’t dat fan 1 desimber lêstlyn ôf ferplichte is, giet it poerbêst mei de sifers dat it soe moai wêze as it kindeke de pyk der efkes op sette woe.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder