Kollum Ferdinand de Jong: De minsklike maat

logo.ensafh

Hoi, ik ha dizze wike sjoen hoe hypokryt de wrâld is. Eins wist ik dat wol, mar dizze wike wie wer in echte wake up call dy’t myn gefoel dêroer befêstige. It giet fansels foar in part oer de minister mei deselde foarnamme as dy’t ik ha. Dêrmei hâlde de uterlike oerienkomsten wol sa’n bytsje op. Ik ha, tige nei de smaak fan myn frou, in grut bosk krollen op ‘e kop en de minister syn plasse is sa keal as in biljertbal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: Poëzij skriuwe is it ferrekke om te fersûpen yn de rotsoai

logo.ensafh

It wurd ‘poëzij’ komt fan it Grykske ‘poiesis’ (meitsje, skeppe, foarmje). Dyjinge dy’t poëtyske produkten (gedichten) makket (skriuwt), neame wy in dichter (poëet). Is it maklik om gedichten te meitsjen? Ast de Fryske poëzij – of dat wat sa neamd wurdt – fan ’e lêste jierren ris neirinst, soest hast sizze fan al.

Want oeral komt men se tsjin – ‘gedichten’. Wurden ferve op túnsketten, wurden tekene op in strân, wurden útbeitele op grêfstiennen, op strjitstiennen, plattrape yn weetfjilden, printe op spandoeken, en foaral: wurden delkwakt op byldskermen. Allegear ‘poëzij’. Wy hawwe in grut ferlet fan poëzij, sa liket it. Iepening fan it kulturele seizoen?… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Rûnom om ús hinne

logo.ensafh

Der is oer de útnûging foar de Fedde Schurerbetinking ‘Rûnom Fedde’ op sneon 15 augustus op ’t Hearrenfean aardich wat skreaun en wreaun. En no doch ik dêr ek noch oan mei. Benammen ien wurdsje moast it ûntjilde: rûnom. Guon tochten dat dat ferkeard wie; oaren seine dat it krekt sa bedoeld wie. It moat beide kinne, safolle is my wol dúdlik wurden út de reaksjes oangeande dat wurd. Ik leau Aant Jelle Soepboer fansels daliks as er Chris van Hes sizze lit: ‘Op it ynternet hie in selekt ploechje minsken al wer kommentaar op it wurd ‘rûnom’, dêr’t men fan betinken oer wie dat wy bedoelden ‘om Fedde hinne’.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De bistekwellers fan Bûtenpost

logo.ensafh

Earlik sein wist ik fan it bestean net, mar yn Nederlân ha wy in Landelijk Expertisecentrum Dierenmishandeling. Sawol partikulieren as bistedokters kinne dêr saken melde dy’t se net fertrouwe. Sadree’t der in melding komt, siket de koördinator fan it LED in groep eksperts byinoar. De gearstalling fan sa’n groep hinget fan de aard fan it letsel ôf, mar de groep telt yn alle gefallen in radiolooch, in patolooch, in kriminolooch, heechleararen en meiwurkers fan it Nederlands Forensisch Instituut.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Fyntaligens

logo.ensafh

Trije glêzewaskers binne drok oan it rúthimmeljen op de boppeste etaazjes fan sa´n ûnbidigen minskepakhús yn Rotterdaam.

Hommels brekt ien fan ´e keatlings dêr´t it bakje oan hinget dêr´t se yn steane te arbeidzjen. Twa witte har noch krekt fêst te klamjen, mar de tredde man falt te pletter.

Nei´t de boel berêden is — in dokter hat fêststeld dat harren kammeraat yn die mortibus is en it lyk wurdt yn in sikewein ôffierd — bliuwe de oare twa ferslein benefter.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder