Ik seach de toer fan Bommel stean,
doe’t ik mei de trein oer
de Waalbrêge nei it suden gong.
Njonken my siet in jong famke
mei in ferrassend koart rokje oan
en in swart lapke foar de mûle.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Ik seach de toer fan Bommel stean,
doe’t ik mei de trein oer
de Waalbrêge nei it suden gong.
Njonken my siet in jong famke
mei in ferrassend koart rokje oan
en in swart lapke foar de mûle.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
“Net te ticht by my komme, hear!” hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen.
Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter.
Soms, as it my oer de hege skuon giet, gryp ik yn en besykje de oare kant fan it ferhaal te fertellen.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
Wy wiene in pear jier lyn op Ibiza. Yn ‘e fierte fear in boat dy’t amper te sjen wie, mar Jelle rôp; ‘Dy boat ha wy boud, dat kin net misse!’
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Für Menschen, denen das Leben eindeutig erscheint, ist das Semikolon ein verdächtiges Satzzeichen. Es gibt den Punkt, es gibt das Komma; das reicht. Eine Ampel ist grün oder rot. Wozu braucht es eine Gelbphase?
Lês fierder by Der Spiegel… Lês fierder
Ik haw foar it earst sels súksesfol sjem makke. De earste kear dat ik dat besocht, wie ik 8 jier. We hienen in hiele dei yn de lannen om toarnbeien socht by in pleats dêr’t ús heit oan it ferbouwen wie. Dy grutte amer fol toarnbeien ha ik thús yn ien kear platdrukt, om’t ik sjem meitsje soe en tocht dat sjem neat mear wie as fersmodze fruit.
Lês fierder by Sigrid Kingma… Lês fierder
Foarspûk
Earjuster hie ik myn deistige Vuelta de España efter de knopen, twa speaken ferfongen dy´t ûnderweis brutsen wiene, in pear muorren fan ús hûs yn kalk en semint set (plamuere en strutsen) en de tún sproeid, doe´t de sinne alwer sa heech stie dat it te waarm waard.
It wie goed tsien oere — hûndert meter nei it easten, yn Spanje, goed alve oere — dat it waard ek tiid foar in bakje en in brochje.
Sadree´t dat beslikke wie, gong Maria fuort wer yn ´e skrep, mar dizze jonge moast ynienen efkes lizze. Ik wit net hoe´t ik it hie, mar ik wie op slach en stuit deawurch; it hert sloech my achtentachtich en de siken besetten my.… Lês fierder
t kostet my wat muoite om efter de kompjûter te krûpen, mar as ik in kollum skriuwe wol, moat it no al wêze. It is eins te waarm, fierstente waarm. Sok waar binne we net wend en al hielendal net yn augustus. In wike lang stiet de termometer al op 30 graden of heger. Dat is in rekôr. It binne tropyske dagen, in tropyske wike. Wy moatte werom oan 1975 en 1976 ta foar ferlykbere temperatueren. In wike mei sok waar hat fan gefolgen dat de nachten ek hieltyd waarmer wurde. Wy sitte sa stadichoan om de 20 graden hinne. Hawar de ein is yn sicht.… Lês fierder