Blog Johan Veenstra: Lekker vertellen in Koekange!

logo.ensafh

En dan vanaovend! Lekker vertellen in Koekange! De laeste keer da’k verteld hebbe was op 4 meert in de biebeltheek op ’e Jouwer. Daor kwam doe een protte volk op of. D’r kwam zels een koppeltien volk uut Noordwoolde! Et was een prachtig optreden en doe… kwam die ellendige krisis. Mar now ma’k toch weer een keer los!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Eelke Lok: Frysk

logo.ensafh

De provinsje wol inkeld noch nije kultuer tastean. De âlde rommel kin wol fuort. Deputearre Sietske Poepjes neamt dat oars; se hat it oer ferbreding en fernijing fan it kultueroanbod. Dat praat net ien tsjin, want elke kultuerutering is wer nij, en makket it ek allegear breder as at it wie. Mar we kinne gjin kant út, want Fryske kultuer is inkeld taal. En dêr kinne we alhiel net mei oerwei.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: Sneon en snein

logo.ensafh

It sil wol komme om’t it fakânsjetiid is, om’t we it mei-inoar wat minder drok ha en om’t we dêrom wat mear tiid ha foar prakkesaasjes, dat ik samar ynienen oan de tiid sels tink. Wy ha de tiid kreas yndield yn moannen, fearnsjierren, wiken en dagen. De moannen en de dagen ha nammen krige dy’t we faak en folle brûke as yn drokker tiden it bûsboekje ús libben suver wer bepaalt. Dy nammen fyn ik wol nijsgjirrich.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It byld fan Bonifatius

logo.ensafh

It noflike fan fakânsje is it leech meitsjen fan de kop. Jinsels ôfslute foar it nijs helpt dêr ôfgryslik by. Even gjin rampen, diskusjes, besmettings of fotomodellen dy’t út de kont prate.

Tagelyk fernimme jim oan sa’n opsomming al dat soks net tafalt. Hielendal net as je wer thús binne en fêste gewoanten de oerhân krije. It earste dat ik yn dy situaasje meikrige wie it delheljen fan de bylden fan Churchill en Columbus. Doe’t fuort dêrnei in toerist my yn Dokkum hifke hoe’t dy by it byld fan Bonifatius komme moast, frege ik my spontaan ôf oft dy dat ek ek delhelje woe.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: By de poat

logo.ensafh

By de poat

Yn ’e regel reagear ik net op opinystikken, mar troch in column fan Friduwih Riemersma op Fers2 frege ik my ôf oft it net tiid wurdt foar it ynstellen fan in ûndergrins op in blêd dat pretindeart kwaliteit te leverjen.

Wat is it gefal? Riemersma hat wat ynstjoerd foar de Rely fan dit jier, mar in priis siet der net yn. En dat jokke blykber sadanich dat der in kroadfol krityk oer de gong fan saken by Stifting FLMD leechkipere wurde moast.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder