Yn 2010 waard op it weblog fan Taalbaas in fraach oer de stavering fan it Frânske lienwurd ‘décor’ op it aljemint brocht. Wêrom is de Fryske stavering dekôr en net dekoar? Aardich om nochris oer nei te tinken.
Twalûden
It wurd boat wurdt útsprutsen mei it twalûd oa. Dat twalûd sit ek yn toan, moal, doaze.
Yn it Hollânsk komt dat twalûd allinnich foar de letter r foar. Op skrift wurdt it yn dy taal net as twalûd oanjûn, mar as lang ienlûd. De Hollânske wjergader fan boat is boot (ferskillende stavering en ferskillende útspraak) en foar it Fryske boar hat it Hollânsk boor (ferskillende stavering, mar deselde útspraak).… Lês fierder