Ik ha ferline wike wer in heale jûn prate moatten om in pear lju oan it ferstân te bringen dat it net sa is dat elkenien dy’t in oare kleur hat as standert-lykbleek gjin Frysk ferstean of prate kin. Neffens de petearders is dat in godsûnmooglike saak en sy binne sokken teminsten noch nea tsjinkommen. Pas neidat ik sa foar de fûst wei mear as tsien nammen neamde begûn by ien fan de harkers wat te skimerjen dat se yndied wolris sa’n oarskleurige Frysk praten heard hie. Mar echt leauwe diene se my noch net. En no noch net, gok ik.… Lês fierder