Blog Sigrid Kingma: Fonteingedichten

logo.ensafh

Der komt in nije bondel fan my út. Oer in pear wiken tink ik al. Ik wit dat it frjemd klinkt, hielendal nei myn lêste blog, dêr’t ik sa stellich yn sis dat ik foarearst gjin bondel útbringe sil. It oerfoel my sels ek, ik realisearre it my ynienen no’t it hast safier is. Dat freget om in útlis.

De lêste tiid bin ik yn fluchtreinfeart op fersyk oan it dichtsjen. Guon sizze dat je mei in bern nergens mear oan ta komme, mar ik ha no al mear projekten as dat de belestingtsjinst ynskatten hie foar it hiele jier. Earst foar kollega Jolanda Verhoef dy’t lesmateriaal ûntwikkelet foar filosofeare mei bern, yn jannewaris foar LinKk, en dêrnei foar Portretten in Poëzie.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: De linebeammen yn Balk

logo.ensafh

Ferline wike binne 32 beammen – linebeammen – bylâns de Luts fuorthelle. Dat waard dien om’t de wâlkanten fan de Luts op guon plakken yngeand oan ûnderhâld ta binne. Dêrby giet it benammen om de Riedhússtrjitte tusken Teernstrabrêge en Ossebrêge. It is de bedoeling dat de fuorthelle beammen it takomme jier, as it wurk dien is, weromset wurde. Dêrom binne se tydlik krekt bûten Balk op in stik lân oan de Jachthavendyk delset. It is logysk dat de beammen no fuorthelle binne. Dêr is it de tiid foar. Likegoed duorret it noch in skoftke foar’t de wâlkant opnij opmitsele wurdt. Dat hat wer te krijen mei it seizoen, dat de boatsjes troch de Luts farre.… Lês fierder