Kollum Arjan Hut: Ljocht soe dy skroeie

logo.ensafh

“Wy bûge ús nei de werklikheid
As in hûn nei syn fretten!”

Foarjier 2023. In daverjend Frysk fers klinkt as ik de Academie voor Popcultuur ynstap. Gabrielle Terpstra hat my útnûge om mei te sjen by it oefenjen foar har einpresintaasje. Dit gebou ha ik net earder ynwest en ik sjoch om my hinne om út te finen wêr’t de foardracht weikomt.

“Wurch mar wekker begjint
ús dei mei in sigaret,
in slok oerbleaun yn ‘e flesse
fan in foarich libben.”

Twa, trije klapdoarren fierder en ik kom yn in aula-eftige romte dêr’t bliken docht dat it Bert de Vries is wa’t ik hear.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: De pik yn ’e hinnen hawwe

logo.ensafh

Ik wie frijwat let mei it lizzende wurk – sis mar frij: domwei efterlik!
Ik lake wol mei by de skouwe bakken fan myn hafû-maten, mar yn de measte gefallen begriep ik pas folle letter wat se bedoeld hiene.

Ik wit noch dat ik yn dy tiid in kear fakânsjewurk die by Kappa yn Hoogeveen.
Mei ien fan de fêste meiwurkers moast ik pakken karton, dy’t op in bân út de printmasine rôlen, op in pallet smite. Dy mei ferskate kleuren ink beprinte platen karton waarden neitiid by de ôfnimmer ta doazen teard foar harren produkten. It duorre in pear wiken foar’t ik genôch yl opboud hie dat ik my de hannen net alle klapsketen iepenhelle.… Lês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Abe de Vries en Elmar Kuiper begripe ‘Homo Universalis Vulgaris’ net!

logo.ensafh

Jo soene tinke dat de Fryske dichters Abe de Vries en Elmar Kuiper wol wat algemiene ûntwikkeling hiene, mar it docht bliken dat dat net sa is. Se tinke dat de opmerking fan Anne Feddema: ‘De Homo Universalis Vulgaris de Vries moat de hantsjes tichtknipe dat der hoe dan ek wat skreaun wurdt oer syn fersen.’ homohaat is. Jo kinne it by ensafh neilêze en byhâlde.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: Polonêze is keunst

logo.ensafh

”Earst harkje wy mei-inoar nei moaie muzyk en prachtige gedichten en dêrnei dûnsje wy de polonêze, dát is no keunst.”

Dat sei de Grinzer TikTokTammo by syn optreden op it Dudeljoofestival yn Lauwerseach ôfrûne wykein, neidat wy mei-inoar in enoarme polonêze rûn hiene. Ik haw it net faak sa bot mei immen iens west.

It jûnsprogramma spile him ôf yn ‘e haven, by in skipswerf, ferstoppe tusken de konteners. Der hongen skilderijen en der wie in bar dêr’t fiskkoekjes en farske oesters fan it Waad ferkocht waarden. De winners fan de Fryske poëzypriis De Gjalp droegen foar, dêr wie ik der ien fan, dat dêrom stie ik dêr ek.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Kattegeraos

logo.ensafh

A’k votgao zeg ik altied tegen poes Marja dat hi’j goed op et huus passen moet. Ik wete now dat hi’j dat geweldig goed kan. Gisteraovend ha’k deuren en raemen tegen mekeer losstaon om de waarmte uut et huus te kriegen. Poes lag in mien warkkaemer, ik zat in de kaemer. En doe heurde ‘k inienend een verschrikkelik kattegeraos. Ien van de buurtpoezen was de deure inkommen en in de hal naor et voerbakkien van poes Marja lopen. Die kreeg dat in de gaten et het de indringer doe et huus uutjacht. Ik wete nog niet wie d’r zo hadde raosd het.… Lês fierder

Sietse de Vries: ‘De gesellige misdiedromans fan Joop Boomsma’

logo.ensafh

Fjouwer skriuwers fan no: Erik Betten, Jan Schokker, Sietse de Vries en Anita Terpstra, litte har ljocht skine oer spannend wurk fan har foargongers: Anne Hellinga/Jan J. Bylsma, Meindert Bylsma, Joop Boomsma en Riek Landman. Diel III: Sietse de Vries oer Joop Boomsma.

Doe’t ik Ien foar wraak fan Joop Boomsma (1945-2018) yn 1988 foar de earste kear lies, wie ik entûsjast: in misdiedferhaal – in sjenre dat op dat stuit amper beoefene waard yn it Frysk – en dan ek nochris sûnder iennige literêre pretinsje. Gjin útwrydsk Frysk, gjin sidenlange natuoerbeskriuwingen, gjin personaazjes dy’t de lêzer ferfele mei drege monologen oer de sin fan it libben.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Spigelsatellyt

logo.ensafh

Doe’t ik soa’n 14, 15 jaar waar werkte ik as bijbaantsy bij ’n sipelboer, tegaar met jeugdkammeraat Sjoerd. ’n Harde maar waardefolle leerskoal. Ons baas had over alles ’n útsproken mening, maar seker ok over de opkomst fan kompjoeters in syn sorteer- en inpakfebryk. Hij had ’n frisse poist an alles dat met digitale technyk te maken had. ’n Probleem an ’n mesine losten je met de hannen en ark op, fon hij. Niks dreef him soa tot waansin as ’n kompjoeterstoring die’t ’t hele febryksproses plat laai.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder