De rubryk Taalbaas wie yn de Ljouwerter krante de opfolger fan de Opskerper en dy rubryk wie úteinset ûnder de namme Taalspegel. Alle dagen waard in ynslûpsel yn in min Frysk sintsje ferbettere yn geef Frysk. Doe’t de LC mei de rubryk ophold, wie de rubryk mei ‘nijsgjirrige taalnijtsjes en taalgrúskes’ noch jierren te folgjen op it weblog Taalbaas. Sûnt 2017 wurdt dat net mear byholden. Yn 2009 waard op it weblog it wurd muoilik op it aljemint brocht. Nijsgjirrich om dat stik en de reaksjes dêrop nochris nei te lêzen.
Lês fierder by Ed Knotter op Goeie… Lês fierder