Besprek ‘It deiboek’ fan Janny van der Molen

logo.ensafh

1890 – Geartsje is der klear mei. It kin dochs net sa wêze dat rike minsken alles bepale en dat gewoane minsken altyd mar hurd wurkje moatte en amper de boadskippen betelje kinne? Sy is net de ienige dy’t dat fynt: hieltyd mear minsken fine dat it tiid is foar feroaring. Har heit is in grut fan fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy’t de gewoane minsken opropt om de striid oan te gean. As Geartsje op in meeting ek in frou op it poadium sprekken heart, dan sjocht se it hielendal foar har: dat wol sy ek! As frou kinst ommers like goed stride, dat hoecht echt net allinne foar mannen te wêzen.… Lês fierder

The Frisians: Fierce Fighters of The North Sea Coasts

logo.ensafh

The world of Germanic nations is a diverse and rich cultural ethnosphere whose languages and cultures came to dominate Western Europe and much of the world. Their history is rich and spans centuries, and we often recount it in our tales. But today we explore those Germanic peoples that are among the smallest “groupations”, a nation that doesn’t have its own sovereignty but has a unique and preserved group identity. These are the Frisians, inhabiting the historic region known as Frisia on the coasts of the North Sea.

Lês en sjoch fierder by Ancient OriginsLês fierder

Kollum Jan Schokker: Wergebrûkfûgels

logo.ensafh

De garaazje bouwe wy om nei in bykeuken en dêrtroch wie de elektryske garaazjedoar oerstallich. Koene wy der noch immen bliid mei meitsje? Omfreegjen by famylje en kunde levere neat op. Gjinien hie plannen foar in garaazje. Elkenien hat tsjintwurdich de auto bûten stean. Dat seit wat oer it minskdom, mar ek oer de kwaliteit fan it hjoeddeistich blik. Tritich jier lyn begûn in auto al te rustkjen nei de earste reindrippen ast krekt de nije auto by de dealer ophelle hiest. Foaral Italiaanske en Frânske auto’s hiene fan dat tinne papierblik. It is wier in wûnder dat der noch fan dy âlde barrels omride.… Lês fierder

Oersetting Elizabeth Bishop, Parys, 7 oere moarns

logo.ensafh

 

 

Parys, 7 oere moarns

Ik meitsje in toer lâns elke klok yn it appartemint:
fan ûnwittende platen ôf wize guon wizers
teätraal de iene kant út en oaren oare kanten.
Tiid is in Etoile; de oeren rinne sasear útien
dat dagen deitochten lâns de foarstêden binne,
sirkels om stjerren hinne, sirkels dy’t elkoar oerlaapje.
De koarte, rastere skaal fan wintersk waar
is in útsprate dowewjuk.
De winter banket ûnder in dowewjuk, in deade wjuk
mei dampe fearren.

Lês fierder by oersetter Klaas van der HoekLês fierder