Yn 1936 brocht Johannes Doedes de Jong (1912-1996) syn earste dichtbondel út. Hy keas in aparte titel foar de útjefte: Lunchroom. Ek de omslach is opfallend, nammentlik in foto fan it ynterieur fan in kafetaria. It makket my nijsgjirrich, is de poëzy fan dizze skriuwer ek sa oars as oars?
Want – en ik oerdriuw fansels in bytsje – gewoanlik hjitte in Fryske fersebondel yn dizze jierren ‘Balladen’, ‘Sammele wirk’ of yn alle gefallen eat mei it wurd ‘Frysk’ of ‘Fryslân’ yn de titel. In omslach wie ornaris brún fan kleur, mei skriuwersnamme en titel yn reade of swarte letters, somtiden in houtfykprint.… Lês fierder