De brief is der. Ik bedoel de Keamerbrief nei oanlieding fan it Algemien Oerlis fan de Fêste Twadde Keamerkommisje fan Ynlânske saken op 26 juny, de brief fan minister Knops, dy’t minister Ollongren ferfangt. De Ried fan de Fryske Beweging, BoargerAksjegroep SisTsiis en oaren ha fan ’t simmer besocht om it Frysk op de wurklist te krijen. Dat slagge hiel aardich. Der wie in busfol folk út Fryslân wei by dat oerlis oanwêzich. Om’t de minister nei oanlieding fan guon fragen allinne mar goede antwurden jaan koe nei goed oerlis mei oare kollega’s waard ôfpraat dat de antwurden oan de ein fan dit jier yn in brief bekendmakke wurde soene.… Lês fierder