Blog Lomme Schokker: It Utertsk perspektyf

logo.ensafh

Mei ús skriuwerskollektyf komme wy, skriuwers fan om utens, om de twa moannen in wykein yn de omkriten fan Utert byinoar om op sûne distânsje fan Fryske grûn en gedonderjei te petearjen oer de essinsje fan it skriuwen yn ús moerstaal. Om de stimming deryn te krijen begjinne wy steefêst sneontemiddeis om fjouwer oere presys mei in oere sjongen út de fiifde druk fan it Algemien Frysk Lieteboek fan âlde en nije sangen, om dêrnei o frede en gjin ein grutsk te sitearjen út it meast magistrale fan it nijste eigen wurk, want de iene nei de oare yn ús yllúster selskip mei o sa graach it eigen lûd hearre.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Gatsjepanne

logo.ensafh

It is it alderpynlikste dossier yn syn hiele mp-karriêre. No witte wy dat it ûnthâld fan ús mp tichterby in gatsjepanne sit as by in hurde skiif en dat krige er sels ynienen ek in bytsje yn ‘a gaten. Der wie ommerrs noch wat mei in nustje lju yn in fleantúch dat út ‘e loft rûgele. Neffens my is der noch in dossier mei sawat likefolle ûnskuldige deaden as gatsjes yn dy gatsjepanne, mar ik leau dat ús mp dy gatsjes tichtkitte hat.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder