De midsiuwen krije de lêste tiid aardich omtinken. Ik tink net allinne oan it Sieperda-sympoasium dêr’t ik it ferline wike oer hie, mar ek oan de tentoanstelling ‘Wij Vikingen’, dy’t no yn it Fries Museum yn Ljouwert te besjen is.
Ut ’en rûgens kinne we sizze dat dat tiidrek duorret fan 500 oant 1500 ta. Dy perioade begjint mei bewenne terpen. Wa’t dêr krekt op wennen, dat is noch altyd net hielendal dúdlik, mar we neame dy bewenners, krekt as dy fan foar it folkeferfarren, opnij wer Friezen. Oan de ein fan de midsiuwen, binne de terpen en de lannen dêromhinne bedike.… Lês fierder