Kollum Aant Mulder: De wierheid lige

logo.ensafh

Ik ha sneon 12 oktober net nei it Sieperda Sympoasium yn it HCL (Histoarysk Sintrum Ljouwert) ta west. Efterôf muoit my dat. Ik hie de ferhalen oer ‘Redbad en syn tiid’ grif nijsgjirrich fûn. Dat jildt benammen foar it iepeningswurd fan Willem Schoorstra. Dat ferhaal hie ’k wol hearre wollen om it ferhaal sels en om de skriuwerij of moat ik sizze kreauwerij dy’t dêrop folge.

Schoorstra hold in ferhaal oer myten en dat we dêr eins net sûnder kinne. Hy hie it fansels oer Redbad, mar hy hie it likegoed oer Grutte Pier ha kinnen. Oer dy beide histoaryske figueren hat er boeken skreaun.… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: De man fan dyn libben pakt it publyk by de strôt

logo.ensafh

Arthur Japin de auteur fan ‘De man van je leven’ koe justermiddei de eagen amper leauwe dat der sa’n grutte rige fan besikers foar Theater Snits stie. ‘Die zullen zeker niet voor het in het Fries vertaalde toneelstuk ‘De man fan myn libben’ komen’, sei Japin nei ôfrin tsjin de akteurs Marijke Geertsma, Jan Arendz en Anke Bijlsma. Mar it wie echt wol sa, in útferkochte Snitser skouboarch wie tsjûge fan in tragikomeedzje fol iensumens, leafde sykte en dea om mar ris in tal tema’s út it stik oan te heljen.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Oersetting Wallace Stevens: Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen

logo.ensafh

 

 

Kninen ite keutels. Slangen ite kninen.
Swinen ite slangen. Minsken ite swinen

It is wier dat de rivieren gnúfden as bargen
En wraamden oan iggen, oant sy liken
Op nuet magegnoarjen yn slûge trôgen,

Dat de bûtenlucht swier wie fan dy bargen har rook,
De rook fan in simmer dy’t opswold wie,
En swier fan de tonger syn knetteremint,

Lês fierder by oersettet Klaas van der HoekLês fierder