Nominearre foar de GJ-priis: De trekker fan Troje

logo.ensafh

De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de earste: De trekker fan Troje fan Hein Jaap Hilarides.

Ynhâld fan it boek:
Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr’t de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Heit Klaas Wassenaar is harren foarbyld. Yn 1990 wie hy de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Petear mei Janneke Spoelstra

logo.ensafh

Wylst se yn har foarige proazawurk, de ferhalebondel In Jikse-libben, noch frij ticht by de werklikheid bleau, yn wurden besocht te fangen hoe’t dy werklikheid en de persoanen dêryn west hiene en wat der bard wie, stiet De parallaks in stik fierder fan de skriuwster sels ôf. Yn dy sin is De parallaks mear fiksje: se hat der folle mear sels by betocht, sawol yn omjouwing en sitewaasjes as wat de personaazjes oangiet, dy’t no folslein optocht binne. Lykas har eardere kollega Piter Boersma by de Fryske Akademy tsjin har sei: ‘Moatst mear fabulearje en dan komt it der fansels wol yn!’… Lês fierder

‘Biobloch’ Liuwe Westra 9 Augustus

logo.ensafh

Hjoed is it presys tsien jier lyn dat Tony Feitsma ferstoarn is. Wat opfalt, is hoefolle oft der yn dat koart skoftke tiid al oer har skreaun is. De bondel Wittenskip en Beweging (2015) hat aardich mear siden as har ‘offisjele’ freoneboek Wat oars as mei in echte taal (1994). En dan is der ek noch it bysûndere brieveboek, tagelyk ferskynd mei ‘Wittenskip en Beweging’.

Lês fierder by it FeitsmafûnsLês fierder