It is simmer yn de moaiste provinsje fan Nederlân, dus binne der rûnom aktiviteiten. Dat is in skaaimerk fan Fryslân, trouwens ek yn de oare seizoenen fine wy fan alles út om ússels en oaren te fermeitsjen. Sels bin ik nochal gek op muzyk. Mar dan moat it wol in bytsje goed klinke. Sterker, neffens myn sus kin ik net gewoan nei in bandsje harkje, want neffens har bin ik altyd fierstente kritysk. Miskien hat se dêr wol gelyk oan.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder