Kollum Aant Mulder: Tank, mar sûnder skobben bin ik net

logo.ensafh

Okkerwyks hie ik it yn in kollum oer wurden dy’t we net folle mear brûke en dat betsjuttingen fan datsoarte fan wurden maklik feroarje kinne. Ik frege doe oan de harkers en lêzers, oan jimme dus, oft jimme ek sokke foarbylden witte. Dêr kaam reaksje op. Dêr bin ik fergulde mei. Dat jildt eins altyd foar de reaksjes op myn stikjes. Dat dizze kollum is wat my oanbelanget tagelyk in moaie mooglikheid om jimme ris foar jimme reaksjes te betankjen. Net dat der in protte lêzers en harkers reagearje, dat net, mar dat hoecht ek net. It binne der likegoed alle kearen wol in stikmannich.Tagelyk… Lês fierder

Blog Abe de Vries: ‘Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer’

logo.ensafh

In aardige eksersysje: tel de bedragen op dy’t it Nederlands Letterenfonds yn 2018 (ja, it jier fan….) útjûn hat fia al syn subsydzjeregelingen (minus dy foar tydskriften) om de literatuer yn Nederlân foarút te helpen. Dat smyt in bedrach op fan 4.866.923 euro, dus hast fiif miljoen euro.

Hoefolle is dêrfan bestege foar it realisearjen fan Frysktalige projekten, tinke jimme? 20 persint? 10 persint?

Wolnee: sa. 60.000 euro, dat komt del op 1,23 persint.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Poëzij Anne Heegstra oer Ravensbrück: Stil

logo.ensafh

In gedicht fan Anne Heegstra oer konsintraasjekamp Ravensbrück, dat se in pear jier lyn besocht. It frouljus- en bernekamp leit boppe Berlyn oan in idyllysk marke, mei oan de oare kant it stedsje Fürstenberg/Havel. Tusken 1939 en 1945 waarden yn Ravensbrück de finzenen, ek út Fryslân, ynset as twangarbeider foar it meitsjen fan SS-unifoarms en foar de Siemens fabriken.

Lês fierder by RIXThttps://rixt.frl/2019/05/04/stil/Lês fierder