Kollum Aant Mulder: Utsteld Haachsk oerlis

logo.ensafh

It hie woansdei 24 april in moaie dei foar it Frysk wurde moatten. Dat is der net fan kommen. Hie ’t al sa west, dan hiene de kranten dêr grif wol omtinken oan jûn. Yn de Ljouwerter fan ferline wike lies ik allinne mar dat de provinsje Fryslân ûndersyk dwaan wol nei de ynfloed fan de Fryske taal op ús ekonomy. Dat is fansels hiel aardich, mar dat is net wat ik bedoel. Nee, dy deis hie yn De Haach troch de Fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken en minister Kajsa Ollongren oer de BFTK 2019-2013 (Betsjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer) en dus oer it Frysk praat wurde sillen.… Lês fierder

Of ik nòch wel us poëzy skriëf

logo.ensafh

Of ik nòch wel us poëzy skriëf, wurdde mij de foarege week fraagd. Jaseker, dat sal ok noait wear ophouwe. Soms twee fersen op un dach, soms in twee maanden nyt.

De drang om te públisearen mach dan minder weze, de minsen dy’t dicht bij mij staan krije su nou en dan myn poëzy wel onder ogen. Ik skriëf teminsten om lezen te wurden.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Ernst Bruinsma as besprekker

logo.ensafh

Jim witte it faaks: Ernst Bruinsma hat in rubryk,  Op en út by Omrop Fryslân, dêr’t er boeken besprekt. Ik haw der sels noch nea nei harke, it is moarnsbetiid, wol’k leauwe.Foar de aardichheid haw ik ris oan it turven west, en de besprekken teld en oardere op Fryske útjouwerijen. De Hollânske haw ik net meirekkene. Lûk jo eigen konklúzjes!

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder