Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûntfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan elkenien koe er de mieningen en gedachten. Fan Iglo, de drystmoedige kriichshaadman, fan Tako, de fynfielende sjenner, fan Bernlef, it ferheftige prysterhaad en fan alle oaren. Doe seach er oer de hollen fan syn riedslju hinne nei it sinnerêd boppe de yngong fan de seal.… Lês fierder