Tapraak Geart Tigchelaar: Heldestatus

logo.ensafh

Heldeferearing is al sa âld as de wei nei Rome. Earder waarden der troch de skalden en barden ferskes songen oer keningen en dappere striders dy’t eigenhandich in fijanlik leger yn ’e panne hakten. Sindelingen, dochs in soarte fan helden fan it kristendom, krigen harren eigen hilligelibbens. Hjoed-de-dei binne it de popstjerren en sporters dy’t suver in heldestatus hawwe, mei miljoenen folgers en noch mear likes op ’e sosjale media. Guon krije sels in plein nei harren neamd, of sels in hiel stadion mei fuortdaliks in byld derby. Of wat te tinken fan de ferfilming fan it libben fan Freddie Mercurie, ‘Bohemian Rhapsody’, dy’t resintlik fjouwer Oscars wûn hat.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Boykot It hoantsje op ‘e toer & Fûgels

logo.ensafh

Wy skriuwe in wike nei it grutte trelit. It measte stof sil no wol sawat delkommen wêze mar hjir en dêr is noch in ferkiezingstwirre waar te nimmen en dan stoot de brot wer op. Guon tsjutte beskate groepen oan as dwazen, mar sa mâl moatte wy fansels net, wy binne in beskaafd folk. Mei hoflik taalgebrûk ek. Dat moat fansels al leare mar ús premier jout it goede foarbyld want dy hat it no oer ‘totaal onacceptabel’ wylst er in pear dagen earder syn eigen gedrach it stimpel ‘fuck’ noch meijoech. It moat in flotte learder wêze.

Lês fierder by DaamLês fierder

Fryske tradysjes: terjochte foer foar diskusje?

logo.ensafh

Tradysjes en it yn stân hâlden derfan binne hast altyd wol foer foar diskusje. Sa ek ôfrûne wike, doe’t de rjochtsaak tsjin it Kallemooifeest op Skiermûntseach tsjinne. Mar binne der mear tradysjes dy’t bisteleafhawwers tsjin de boarst stjitte? En binne dit soarte tradysjes noch wol fan dizze tiid? Goffe Jensma, heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, fertelt oer Fryske tradysjes.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Jan Schokker: Rompslompdowen

logo.ensafh

In hurde of in sêfte Brexit, de Ingelsken witte wier net wêr’t en hoe’t se harren waarm nêst bouwe moatte. It binne krekt dowen. No’t it heve sil, is der in soad ûnmacht en kâlde drokte fan koeren en fladderjen. Yn harren sjike grize fearrepakjes lykje dowen grutske fûgels, mar net folle letter sitte se as ferdwaasd midden op de dyk en kinst yn ’e remmen. Wolris sjoen hoe’t houtdowen nêsten meitsje? Se litte wat takjes yn de beam falle as gewoan op in plat dak, produsearje dan in pear aaien en sette har dêrnei ûnferskillich ta brieden. It neiteam is lykwols lyts, want de aaien rôlje der samar út of it hiele spultsje falt mei yn bytsje wyn út de beammen.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Friezen yn soarten

logo.ensafh

Jimme ha grif wolris dat grapke oer boeren heard. Der binne twa soarten: minne en strieminne. Dêr moast ik oan tinke, doe’t ik mei dizze kollum teset gie. Net dat it ferhaal oer boeren giet, mar om’t ik betocht dat der ek twa soarten Friezen binne. Dêr hâldt de ferliking ek daliks wer op, want ik wol net ta op minne en strieminne, mar op betelle en net-betelle Friezen. Ik bedoel mei betelle Friezen de minsken dy’t op grûn fan har berop mei ’t Frysk te krijen ha en mei net betelle Friezen dejingen dy’t gewoan Frysk binne en dêrom foar de taal krewearje.… Lês fierder

Graet Hylper Wordebook: Hoe taal het leven spiegelt

logo.ensafh

Dertien jaar na de eerste aanzet is het Graet Hylper Wordebook eindelijk voltooid. Voor Siebren Dyk was het zijn laatste grote project bij de Fryske Akademy: hij gaat met pensioen. Met steun en toeverlaat Wiebe Zoethout kijkt hij terug op het woordenboekschrijven en op zijn loopbaan in de frisistiek. ,,It liket iensum wurk, mar je sitte eins hiel ticht op de minske en syn libben.”

Lês fierder by Jan Ybema op it Friesch DagbladLês fierder