Blog Daam de Vries: Ferkiezings

logo.ensafh

De ljip hat jonge. Net dat ik dêr by wie want in minske kin no ienkear net rûnom by wêze. Mar ik tink samar dat it in hiele grouwe pyk wurden is, want mear as seis dagen oer tiid. Dat hie net folle langer duorje moatten dan hie frou Thieme der ek noch op ta moatten om it bistje mei de keizersneed te heljen. Aldergelokst hoegde dat net, krekt no’t se wer in bytsje by sûpe en stút is.

Lês fierder by DaamLês fierder

Teleks: ‘Bruisend dichter’ Tsead Bruinja stapt oer nei Querido

logo.ensafh

Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja verlaat uitgeverij Cossee en gaat naar Querido. In een persbericht juicht Josje Kraamer, redacteur van Querido:

Tsead Bruinja is een bruisend dichter, levendig in zowel zijn werk als zijn optredens, die het experiment niet schuwt. We zijn erg blij dat zijn poëzie voortaan bij Querido verschijnt. Ik verheug me zeer op onze samenwerking.

Lês fierder by TzumLês fierder

Blog Lomme Schokker: Flechtsje kin net mear

logo.ensafh

Simen smyt in kleurige brosjuere mei in eksoatysk palmenstrân op tafel. ‘Fakânsjeplannen?’ freget Auke, dy’t sels alle jierren twa, trije kear nei Iran op fakânsje giet en dêr mar net genôch fan krije kin. ‘Ferhuzingsplannen.’ seit Simen. ‘De frou en ik, wy hawwe der genôch fan. Wy sille mei de poppe foar har takomst om utens, wy naaie derút, toedeloe en hatsjikidee. Dit lân is ús te lyts, te djoer, te bekrompen en sa stadichoan fierstente gefaarlik.’

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Kollum Aant Mulder: Skriuwersboun, Sis Tsiis is jimme kâns!

logo.ensafh

Okkerwyks stie it lêzen en skriuwen fan it Frysk wer aardich sintraal. Ik seach in artikel yn ’e Ljouwerter Krante fan 13 febrewaris, dêr’t yn stie dat it in gouden tiid foar de Fryske berneboeken is. Dat artikel gie oer de Simke Kloostermanpriis, de literatuerpriis foar berne- en jongereinboeken dy’t ienkear yn de trije jier útrikt wurdt. Diskear binne wol fjirtich oarspronklik Fryske wurken nominearre foar dy priis en dat is, ferlike mei oare kearen, in protte. Tagelyk lês ik dat it net allinne in protte binne, mar dat it ek hiele goede boeken binne. Der is ferskaat en der binne dúdlik boeken foar bern en foar jongerein by.… Lês fierder