Doe’t ik ferline wike de nijste dokumintêre fan Sunny Bergman seach, ‘Blauwe Ballen en andere Verkrachtingsmythes’, tocht ik fuortdaliks oan it sjen fan in eardere film fan har: ‘Beperkt houdbaar’, oer it skientme-ideaal en plastyske sjirurgy. Yn dy film folget se in tal froulju dy’t tûzenen euro’s útjouwe om der jonger, dat strakker yn it fel, út te sjen. Yn deselde snuorje seach ik de dokumintêre ‘Misslukt’ ek, oer in Miss Nederlân dy’t sûnt har 22e ferslave is oan plastyske yntervinsjes.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder