It is algemien bekend dat manlju mei de lytste bêdbuksen yn de grutste auto´s omride. Mar doe´t ik lêsten yn ´e rige stie foar dy grutte nije Mercedes, waard ik by de tomme heind fan myn bankier. Net dat dy witte soe hoe´t my it klok- en hammerspul der by hinget, sa net, mar hy wit duvekers goed hoe´t my de flagge der finansjeel by hinget. Dat hy krige my by de bouten en sette my as einichste yn in wittelange rige.
Mar och, op sa´n âld rykrak fyts komt men ek ta jins doel, wier. Ik wie al sa bliid as in bern dat er my net yn de rige sette fan autopet.… Lês fierder