Blog Daam de Vries: Cool. Wie it te ynsestueus?

logo.ensafh

Sil ik mar mei de titelferklearring begjinne? Oars bliuwt soks mar hingjen en dêr hat sa goed as nimmen wat oan. De titel is in reaksje fan my op in ferslach op it Dark Web, justerjûn let. Dat wie in moai ferslach. 9 wurden. Yn njoggen wurden kinne jo in hiel soad sizze. It Dark Web is dêr by útstek geskikt foar en is dan ek in manjefike útfining.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Foar it bern

logo.ensafh

Soe der wolris ien tinke: wannear komt der wer ris in blog? Tiden hawwe tiden. Sa skriuwe je alle dagen, en sa skriuwe je in healjier net. Ik ha der net ien wer oer heard. Sûnt De Wuttelhaven del is der in soad bard. Dat wie in prachtich projekt, ien fan de meast learsume projekten dy’t ik dien ha. Wy hienen it earst wol oer in ferfolch, mar dat sil ik yn alle gefallen net útfiere. Mocht der ferlet fan wêze, dan kin ien him/har útleve, hjir is it Draaiboek De Wuttelhaven del en hjir it Literêre kuier De Wuttelhaven del skript.… Lês fierder