Ien Fries, allegearre Friezen, dat soe hast de útkomst wêze kinne fan alle aksjes om genealogyske ûndersiken hinne. Friezen ha mear as in bytsje belangstelling foar dat soarte fan ûndersiken oangeande har komôf. Dat begjint al as we mei oaren yn ’e kunde komme wolle. Wy fertelle dan graach fan wa’t we ien binne en wêr’t we weikomme. Dan docht ornaris rillegau bliken dat we faak en folle famylje faninoar binne. Hjoed-de-dei kinne sokke petearen hieltyd faker ûnderboud wurde mei genealogyske ûndersiken. Party minsken ha dêr aardichheid oan en Tresoar stipet dat omraak. Der binne ek aardige resultaten te melden. Ik tink oan reedrider Sven Kramer en turner Epke Zonderland dy’t yn de fierte neven faninoar binne.… Lês fierder