Blog Daam de Vries: Man, man man!!! Ekstreem!!!!!

logo.ensafh

Juster ha wy ús jierlikse winterjûnenocht wer hân yn de tsjerke fan Bitgum. Op sneon dus. Oars ha wy dat altyd op freed mar wy seagen al hiel lang lyn oankommen dat op dy dei de horrorwinter krekt ta in klimaks komme soe en soks wolle jo net riskearje. No tinke jim fansels dat wy de waarplom goed yn ‘e gaten holden hawwe mar dat is net sa, ús beslút is fan folle earder datum. Boppedat is it net sa dat elk dy’t mar wat nei dy waarplom sjocht fuortendaliks in waarman is, neffens Piet Paulusma. Der komt folle mear by te sjen.… Lês fierder

Besprek Tsead Bruinja ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’

logo.ensafh

De bondel is net twatalich skreaun, lit de titel sjen. Dy is Nederlânsktalich, sûnder de Fryske oersetting derefter. It omslach jout dalik oan, op it plak dêr’t de Frysktalige titel set wie as it in twatalige bondel west hie, dat yn de rectoverso oersetting de Fryske taal behannele is as de oarspronklike taal en it Nederlânsk as bestimmingstaal.

Lês fierder by Friduwih Riemersma op Fers2… Lês fierder

Fryske dichters op ‘roadtrip’ troch Denemarken

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen.

Lês fierder by Tsjomme Dijkstra op de MoanneLês fierder

Jierferslach 2018 Obe Postma Selskip

logo.ensafh

De folgjende aktiviteiten:

Gearkomsten

Yn 2018 hiene bestjoersgearkomsten pleats op 7 febrewaris, 7 septimber en 12 desimber. Der wiene in Algemiene ledegearkomste op 7 febrewaris (mei in lêzing fan Philippus Breuker) en in ekstra Algemiene ledegearkomste op 12 desimber (opheffing OPS).

150e Bertedei Obe Postma

Yn Koarnwert is tongersdei 29 maart 2018 in spesjale betinking foar Obe Postma holden by syn 150e bertedei . Kommissaris fan de Kening Arno Brok lei hjir in blomstik op it grêf fan Postma . It Obe Postma Selskip wie dêrby fertsjintwurdige troch foarsitter, George Huitema, en âld-foarsitter Siebren van der Zwaag. Direkteur Bert Looper fan Tresoar hat dêrby foarlêzen út it wurk fan Postma.… Lês fierder