Blog Ypie Haitsma: Anker en Anker

logo.ensafh

Yn it televyzjeyntervieuw fan Hans en Wim Anker, ferwurdet Wim (of is it no Hans?) it sa: ’Het is een zegen dat broeder en ik uit een ei zijn gekropen. ’In sêgen, ik fiel dat krekt sa. Ik kin mei al myn bruorren en sussen goed, mar mei myn twalingsus ha ik wat bysûnders, dat is net út te lizzen dat is in werkennen op sielsnivo. Dat wy sa’n sterke bân ha is prachtich, mar tagelyk makket it ek hiel kwetsber.

Lês fierder by Ypie HaitsmaLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wat in keunst

logo.ensafh

Wat in keunst ha we besjen kinnen! Mar dat is dochs net foarby no’t Ljouwert-Fryslân 2018 oer is. Fansels net! Wy ha no ommers de diskusjes oer de ‘legacy’. Dêr dogge de museums oan mei. Dat hat lykwols mear wei fan in diskusje om jild of krekt om minder jild foar te kommen as om keunst. It Frysk Museum tinkt nei oer in nije en tagelyk swevende ferdjipping, dêr’t it sa’n 20 miljoen foar nedich tinkt te hawwen. Museum Belvédère yn ’t Oranjewâld hat twa ton nedich om fuortbestean te kinnen. Museum Dr8888 wol graach de ekstra subsydzje fan 60.000 fan de gemeente hâlde.… Lês fierder

Besprek Janny van der Molen ‘De trije klokketiers fan Koartsweagen’

logo.ensafh

Alle jierren giet groep 8 nei it eilân, mar dit jier is it oars. De klasse fan Pier, Lars en Noortje giet nei Koartsweagen. Pier en Lars moatte wol oan dat idee wenne. Koartsweagen, dêr is ommers allinne mar gers! Mar op ynternet ûntdekke se in lyts tsjerkje flakby de kampearbuorkerij! It stiet midden yn it grien en hat in hôf mei in soad grêfstiennen. Om it skoalreiske in bytsje spannender te meitsjen, betinke Pier, Lars en Noortje in plan. Se wolle nachts, as elkenien sliept, yn it tsjuster nei de tsjerke rinne en omstrune op it hôf. In bytsje grizelje, bytsje pikefelje: leuk dochs?… Lês fierder