It is 15 jannewaris en ik bin stadichoan wat bekaam. Ik bin no safier dat ik wer fersteanber artikulearje kin, dat myn bloeddruk net fuort nei Himalaya-eftige hichten sjit as ik it deroer haw, en dat it hert net as Jurre 495 begjint te fjouwerjen as it ûnderwerp op ‘e tafel komt. Ik haw it oer in projekt dat him yn de lêste wiken fan desimber 2018 oantsjinne. In opjefte ynstee fan in hanneling dy’t net mear as trije mûsklikken kostje moat. Ik haw it oer it oanpassen fan de soarchfersekering.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder