Blog Daam de Vries: Smoar der net yn

logo.ensafh

It nije jier is al wer efkes ûnderweis dat oft jo noch mei de bêste winsken oankomme wolle moat dat no ek hast wêze. No, de bêste winsken dus mar foar elk dy’t it ôfrûne jier oerlibbe hat. Foar oaren hat soks minder doel dat dat moat mar net. Ik ha begrepen dat de haven op Lauwerseach tsjinnet as oanfierpunt fan frijwat yllegaal spul mar dat hoecht de dyk fierder net oer. Boppedat ha ús misdiedsjoernalisten it op it stuit oeribele drok dat ik tink net dat dy soks der by ha kinne.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Nadie Hania: De fûgel en syn freonen

logo.ensafh

Der libbe ris…. op in eilân hjir hiel fier wei, njonken noch hiel soad oare bisten, in fûgel mei in stikelbaarch en in giraffe.En se hiene in soad gemien. Se libben der mei syn trijen en wiene grutte freonen. Se dielden smert, se dielden wille mei inoar. Se hiene noed foar elkoar, as de noad oan de man wie giene se mei syn trijen de striid oan tsjin liuwen en krokodillen. Mei syn trijen kamen se de swierricheden te boppe fan honger en toarst. Se brochten alle dagen mei elkoar troch oant it nije jier oanbriek.

Lês fierder by Nadie HaniaLês fierder

Blog Eddy Drost: Hoe no fierder?

logo.ensafh

De Fryske literatuer stiet ûnder druk. Der wurde hast gjin Frysktalige boeken en dichtbondels mear ferkocht. Dochs kin ik út ‘e list, dy’t Cornelis van der Wal op ensafh.nl publisearre, konkludearje dat der noch in grut oantal boeken en dichtbondels yn 2018 útbrocht binne.

Wêrom wurde dizze boeken en bondels net goed ferkocht?

Ien fan de grutste obstakels is neffens my dat de ôfstân tusken skriuwer en lêzer taalkundich fierstente grut is.
Ik praat strjitte Frysk en as ik oan bygelyks ‘De Lêste Floed’ bejin dan stiet it swit al gau op ‘e holle. Earst mar wat oan ‘e stúdzje..

Lês fierder by Eddy DrostLês fierder