It kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisorganisaasje Firda hat dr. Lysbeth Jongbloed-Faber fan Fryske Peallen beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst. Lysbeth set op 1 maaie 2025 foar 0,5 fte útein. Dêrneist bliuwt se by de Provinsje Fryslân wurkjen.
Lysbeth Jongbloed is op it stuit wurksum as strategysk beliedsadviseur Frysk by de Provinsje Fryslân, dêr’t se ûnder oare ferantwurdlik is foar de kontakten mei oare minderheidstaleregio’s en it gebrûk fan it Frysk yn digitale tapassingen en keunstmjittige yntelliginsje. Lysbeth hat ek meiwurke oan it tastânkommen fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder