Blog Lomme Schokker: Berjocht fan bûten de mienskip

logo.ensafh

It is hjir keal en kâld en lyts. In bêd, doaze, stoel, tafel en in ferskuorrende iensumheid. In plestik beker, ien tekken, ien handoek, ien waskhantsje, in stikje sjippe en in barstende leechte. Gjin waarm wetter. De TL-lampe hinget los oan it plafond. Dêr ha ik it wol mei beskreaun. In doar dy’t ik net iepenje kin. In rút mei traaljes. Fierders sit it hjir fol mei wat der net is. Gjin noflikheid, gjin waarmte, gjin muzyk, gjin stimmen, gjin libben. Gjin leafde. Keale muorren. Neat dat fan my is. Gjin ferbining mei de bûtenwrâld, mei dat wat ik hie. Ik ha yn dizze stille romte inkeld mysels, myn ferline en myn grut tekoart.… Lês fierder

Blog Eddy Drost: de gehakbal

logo.ensafh

Sa simmerdeis mei ik graach ris mei de fyts der op út. It kostet neat. No ja, wat broadsjes by de Aldi wei en in pear fleskes kraanwetter. Rint net yn ‘e papieren. Moat ek net fansels! Mei dat meagere pensjoentsje fan my is it rekkenje, rekkenje en noch ris rekkenje.
Wat te lêzen yn ‘e fytstasse en it kin in moaie dei wurde. Meastentiids gean ik by de Ie lâns op Dokkum oan.

Lês fierder by Eddy DrostLês fierder

Blog Janneke de Boer: Rektifikaasje

logo.ensafh

Sa fier fuort at de polityk somtiden liket, sa tichtby is dy blykber ek.
Mei de tekst fan myn eardere blog is de Fryske polityk berikt, of better sein; Kultuerdeputearre Poepjes.

De tekst dêr’t ik yn de LC fan ôfrûne moandei oer stroffele (Poepjes had nog wel een boodschap voor de hafabra-sector, die klaagde over gebrek aan aandacht in de provinciale cultuurnotitie Kultuer oan ’e kime ten gunste van onder andere de popcultuur. Ze riep die sector op om te vernieuwen, want ,,Fryslân is gjin Sudersee-museum”), bliek syn kontekst te missen.

Lês fierder by Janneke de BoerLês fierder