Blog Janneke de Boer: Kultuer oan ’e kime

logo.ensafh

,,Fryslân is gjin Sudersee-museum” sei kultuerdeputearre Poepjes ôfrûne sneon yn popsintrum Neushoorn. It wie wilens it Freeze-festival en de útrikking fan de Bernlef Priis, in priis foar Frysktalige acts, dat sy oanhelle dat de Fryske HaFaBra wrâld muoite hat mei de nije kultuernota Kultuer oan ‘e Kime en de sektor tagelyk ferlike mei it bekende museum.
No wie ik der net by, dat kin immen my miskien fertelle wat it iene mei it oare te krijen hat?

Lês fierder by Janneke de BoerLês fierder

Blog Nadie Hania: De ûnsichtbere pizelder

logo.ensafh

Koart ferhaal

De keamer wie tsjuster. Dat fûn hja spitich.
Hja wist dat hy it ek spitich fûn, dat hy har gesicht net sjen koe. De leafde is lykwols fernimstich. Mei de topkes fan har fingers tippe se syn wangen, syn lippen, syn foarholle oan en syn prachtige noas. Fan dy noas koe hja gjin genôch krije. Dêr moast hy altyd freeslik fan gniisgobje. Hja kitele him, ´sei hy, as se him foar de tsiende kear oer syn noasbrêge sûze.

Lês fierder by Nadie HaniaLês fierder

Blog Eelke Lok: Lokkich?

logo.ensafh

Der komt in nije krantsje. Dat hjit ek “de Nije”. Dat is foar it oare in âlde namme. Yn de 70-er jierren fan de foarige iuw hienen we hjir al in krante dy’t de Nije neamd waard. Dy waard makke troch read/griene lju mei in Frysk flachje yn de hân. Dat is no in flagge wurden, want dizze Nije wurdt stipe troch de Ried fan de Fryske beweging.

Lês fierder by Eelke LokLês fierder