Ik frege mar ien ding –
Gjin oar – waard my ûntkeard –
Betelje woe Ik – mei Bestean –
Baas Keapman die ferheard –
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Ik frege mar ien ding –
Gjin oar – waard my ûntkeard –
Betelje woe Ik – mei Bestean –
Baas Keapman die ferheard –
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Wy libje yn in tige ferrassend lân. Sa hat krekt bliken dien dat de alkoholkonsumpsje mei 19% ôfnommen is. En dat noch foardat it previnsje-akkoart dat der op ta wol dat wy net mear drinke meie dêr wêr’t bern oan it sporten binne. No hat myn buorman hjir in soartemint fan sportkompleks foar de bern sawat deun by my foar de ruten ynrjochte dat dat fleske bier yn ‘e tún sil wol oergean moatte. Of it moat wêze dat se krekt efkes oan it eppen binne, dan mei it tink ik wol.
Lês fierder by Daam… Lês fierder
Nei de lange drûchte fan dizze simmer foel der fan ’e wike alwer in Ensafh op de doarmatte. It artikel fan Oene Spoelstra oer it toaniel (Wat bliuwt?) is nei myn behyplik oardiel deeglik en bysûnder nijsgjirrich. Wenne ik no mar yn Fryslân, dan hie ik der yn april by west, by it pinfiskjen. Oars hie ik dan ek al lang in kursus of in goeroe folge om te learen wat no eins in goed gedicht is. Thús ha ik allinne RIXT foar mysels.
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder
Lêze doch ik yn bêd. By foarkar boeken wêr myn eagen nei tsien minuten fan tichtfalle. Dy binne der gelokkich genôch. In inkele kear fersin ik my, en dat kostet flink wat nachtrêst. It boek is dan sa spannend dat ik oant healwei fjouweren trochgean.
Lês fierder by Nadie Hania… Lês fierder
frij oer te nimmen
WAT NO, FRYSKE KULTUER?
Dat, sa leit it lân der sa likernôch hinne:
– striemin of non-eksistint Frysk ûnderwiis;
– gjin universitêre stúdzje Frysk;
– gjin Frysktalich wykblêd;
– gjin Fryske literatuer dy’t noch wat foarstelt;
– gjin lêzers foar Fryske boeken;
– gjin kennis fan Frysk ferline;
– gjin debat oer in Fryske takomst;
– gjin belang by Fryske kultuer.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder
Tink net yn eksekúsjes,
mar yn post mortem-ereksjes
Wie de dei mar net.
De dage easket wer
in loft, syn fûgels op.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Su’n súterege novemberdach,eigelek niks mis met. Hew ut al feul faker skreven, de hèrst sal dy noait besoademitere! Op un gegeven moment komt de waterkou wel, waaie de laaste bladers fan de bomen en liekt alles moëd fan’e foarbij somer.
Gelukkech is der dan altyd wear de literatuur, tussen de deadlinen fan de Groot-útaven in. Fanmòrren ut nijste nûmer fan Ensafh, Frysk literêr tydskrift.
Lês fierder by Henk van der Veer… Lês fierder