Kollum Aant Mulder: Der wurdt wer in spultsje spile

logo.ensafh

As ik it goed ha, wie moandei 19 novimber dy kommisje mei dy hiele lange namme wer op besite yn Ljouwert. Dy kommisje, dat is de Council of Europe Advisory Committee on the Framework Convention for the Protection of National Minorities. Dy kommisje heart by it Ramtferdrach fan de Beskerming fan de Nasjonale Minderheden, koarter sein: Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden. Dat ferdrach is ynsteld troch de Ried fan Europa en hâldt de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden yn. De rjochten fan dy erkende minderheden moatte hoede en noede wurde en dy kommisje komt om de fjouwer jier del om te sjen oft soks wol goed genôch dien wurdt.… Lês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Sels-plagiaat ‘Dichter fan Fryslân’ Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

It wie my sels ûntkommen, want ik lês dy fersen fan de Dichter fan Fryslân meast net, mar fia de reaksjes op ensafh en in berjocht op Facebook waard ik der op wiisd dat de DFF himsels plagiearre hat mei syn nijste ynstjoering Europa – De nammen. Ik woe dizze kwestje op dit plak nochris neame, sadat de brot net ûndersnijd rekket.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Blog Lomme Schokker: By de dea del

logo.ensafh

Otto wie hjoed wat stiltsjes en hy is al net sa’n prater. Wylst de oaren fan ús groepke hurdfytsers by de BBC tsjûge wiene fan wat Theresa May yn it teäter fan it Legerhûs oer de Brekshit te ferkundigjen hie, frege ik Otto oan ús stamkroechtafeltsje of der mooglik wat bysûnders wie. Hy knikke ja en kearde him ôf fan ús telefyzjematen. It wetter stie him yn de eagen, doe’t er syn glês Spa Read omheech hâlde.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Eddy Drost: Min waar op ‘e Lemmer

logo.ensafh

Min waar op ‘e Lemmer. It stoarme en reinde yn ‘e Buorren. Hastich rûn ik op it hûs oan. Ik klapte de paraplu ticht en belle oan.
Geale die de doar iepen.
Man, man, wat seach hy derút. Net skeard, it hier dwers op ‘e holle en sa op it earste each dagen net sliepen.
“Kom der yn Melle, ik bin bliid datst der bist.”
Ik wie dweiltrochwiet en die de jas út. Ik folge Geale nei de wenkeamer. In grutte keamer, acht by acht, grôtfol boeken. Tûzenen boeken oer alle fjouwer muorren en sels yn ‘e nije erker stienen de boeken oan’t souder ta.… Lês fierder