Kollum Aant Mulder: Dr8888 Yn ’e Line

logo.ensafh

Mei Dr8888 bedoel ik fansels Museum Drachten. Mei Yn ’e line, bedoel ik de tentoanstelling Not afraid of the new, dy’t in treflik oersjoch jout fan it Frysk ekspresjonisme fan nei de Twadde Wrâldoarloch en dan benammen fan de fiif keunstners dy’t mei-inoar Yn ’e Line foarmje. Dat binne Jan Frearks van der Bij, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga, Jaap Rusticus en Klaas Koopmans.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Lêzings Sytse Jansma en Janneke Spoelstra

logo.ensafh

Nei de Algemiene Ledegearkomste op 1 novimber hawwe de dichters Sytse Jansma en Janneke Spoelstra lêzings holden oer harren ûnderfinings yn it bûtenlân. Sytse hat nei it Kistrech International Poetry Festival yn Kisii, Kenia west en Janneke nei Transpoesie Festival yn Brussel. Hjirûnder hiel koart wat hja ferteld hawwe oan in seal fol belangstellenden.

Lês fierder by It SkriuwersbounLês fierder

Skriuwer Josse de Haan pleitet foar oersettingen fan Fryske literatuer

logo.ensafh

Josse de Haan is efkes werom yn Fryslân. Al sûnt 1999 wennet de Fryske skriuwer yn Hendaye, in plakje op de grins fan Frânsk en Spaansk Baskelân. Hy is dizze wike werom yn it heitelân fanwege in reüny fan it eksperimintele literêre blêd ‘Quatrebras’. Yn Tresoar wie dêr freedtejûn ‘De nacht fan Quatrebras’.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Jonkman en Wolf oer it Stadsfries

logo.ensafh

Het Stadsfries of Stads is al bijna vijfhonderd jaar een van de talen van Fryslân. Het wordt – met kleine onderlinge verschillen – gesproken in Bolsward, Dokkum, Franeker, Harlingen, Leeuwarden, Sneek en Stavoren. Soortgelijke taalvarianten worden overigens ook op het platteland gebezigd in Kollum, Midsland op Terschelling, in het Bildt en op Ameland. Deze verschillende varianten staan door de concurrentie met het Fries en Nederlands onder druk.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

Blog Eddy Drost: De Fryske Taal Kommisje

logo.ensafh

‘Mellesma, jo prate mei Homminga fan ‘e krante. Ik ha jo stikje ‘De geheime fergadering’ lêzen en ik wol dêr mei jo oer yn petear. Wy sille yn ‘e krante in ferhaal publisearje oer de takomst fan de Fryske literatuer. Skikt it jo nije wike moandei om twa oere op jo adres?’

‘Fansels komme jo mar even del. Ik sil der wat tiid foar frij meitsje.’

Dat, ôfrûne moandei siet ik by Mellesma oan ‘e tafel yn ‘e hûskeamer.

Lês fierder by Eddy DrostLês fierder