
Lês fierder by eamel.net… Lês fierder
Ferline wike wie’k by in wylde boerinne. Nee, net ien of oar geil frommis út de greide, mar in sjongstik yn Drylts. It spilet fannewike noch, mar at jim gjin kaarten ha, kin jim der net hinne. Dy bin útferkocht, alle 9 kear. Dus ik fertel jim it ferhaal mar efkes. Makke nei oanlieding fan in boek fan Teatse Eeltsje Holtrop. Dy libbe om 1900 hinne.
Hy skreau yndertiid oer in boerinne, dy’t widdow waard. Se woe doe net mei de âlde buorman boaskje. Dêrom moast se fan him rjocht fan reed betelje om by har kij te kommen. Dat ferdomde se.… Lês fierder
Net alle dagen treft men in fers fan Piter Jelles Troelstra oan, dat net yn de Samle fersen (1981) foarkomt. Sis mar gerêst: noait. En as sa’n fers dan in mânsk dichtstik is fan sân strofen, elk acht rigels, te pronk yn it Friesch Volksblad en yn haadletters ûnderskreaun mei PIETER JELLES – dan is der grif wat bysûnders oan de hân.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder
As de blokkearkwestje noch wat dúdlik makke hat, is it dat elkenien framed. Eartiids in rjochtse hobby, no docht links like hurd mei, dêrmei ûnderstreekjend dat dy begripen net mear bestean. Foarbylden: Friezen binne NSB-boeren. Friezen binne ksenofoob. It Frysk-wêzen is rasistysk.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Justermiddei waard yn Beetstersweach de útstalling ‘Skjin Laai/Tabula Rasa, leechte yn wurd en byld’ iepene. De útstalling is in projekt fan Tresoar en Galerie Schoots en Van Duyse út Antwerpen yn it ramt fan LF2018, Lân fan Taal. Yn it âlde gritenijhûs fan Opsterlân ferbyldzje en ferwurdzje keunstners en dichters de skeppende leechte.
Op útnûging fan Tresoar waard oan RIXT frege om mei te wurkjen oan it projekt. Santjin RIXT-dichters ha gehoar jûn oan de oprop om in gedicht by it tema Tabula Rasa te leverjen. Byldzjende keunst en dichtwurk hingje yn Beetstersweach byinoar, trochinoar, fersterkje elkoar en lizze ferrassende relaasjes.… Lês fierder
De publike opiny wurdt beynfloede, sei de minister fan oarloch hjoed. Ja, dat tink ik ek. Dan binne wy dat teminsten iens.
Der komt in itensbosk. Want, sa hat bliken dien, de boeren hawwe alles wat natuer wie nadere en dat is och sa dom want de natuer jout út himsels genôch op om genôch winst te meitsjen. Yn dy bosk groeie en bloeie wol sa’n 450 soarten ytbere planten. Ik ha se net allegearre ûntholden mar sineeske mahoanje-oalje wie der ek by. Ik soe sa gau net witte wat jo dêr mei kinne mar in ferfanger foar molke liket it my daliks net ta.… Lês fierder
[FOAR PETRA]
Wittenskippers sizze, de libbensferwachting
fan minsken nimt elk jier mei trije moanne ta.
Sa rekkene wurdt de dea opsjoneel. As in strik
of in neigesetsje of lijen. Us mem freget
oft ik foar altyd libje wolle soe.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder