Blog Daam de Vries: Skoskesettende pekingeinen

logo.ensafh

It wie wer in heftige wike en dan is it eins it bêste dat jo jo wat katoen hâlde. Namstemear om’t wy noch neiskodzje fan de oplawibus fan de buorlju 500 miljoen jier lyn. Dat moat need gongen wêze, ik bin bang dat wy dêr noait wer oerhinne komme. It is oars wol knap dat se soks allegearre neigean kinne, wy witte net heal wat ús noch te wachtsjen stiet. Foar itselde blike Friezen in krusing te wêzen fan in pre-inuit en in pekingminske dy’t elkoar troffen by it ierdappelsetten yn Peru. Soks kin. Der is ek wol bewiis dat de foarfaars fan Trump de ierdappelkrobbe letter op dat folk ôfstjoerd hat.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Stoarm op komst

logo.ensafh

Nim de stoarmparaplu mar mei! Of feiliger is faaks in ponsjo, want der stie ek in lyts bliksemke by it waarberjocht fan jûn. Mar wy jouwe dêr neat om, de kuier sil trochgean. Wa’t dochs leaver moarn mei wol yn stee fan hjoed, kin gewoan efkes kontakt opnimme mei wuttelhaven@gmail.com, der is noch plak. Dan wurdt it sa’t it no liket krekt in bytsje better.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Abe de Vries: Oer ‘Teltsje fan in keningssoan’ fan Waling Dykstra

logo.ensafh

‘Dêr waard er oppast tige bêst’

Der stiet in moaie foto fan Waling Dykstra mei Afke Jans de Boer en de bern en oantroude bern derby yn de freonebondel For Waling-om1, dy’t yn 1911 oan de skriuwer en syn frou oanbean waard by gelegenheid fan syn njoggentichste jierdei. De foto is yn 1905 makke by gelegenheid fan de gouden brulloft fan it pear. Yn datselde boekwurkje is ek in stambeam te finen fan Dykstra, ynklusyf de alve bern dy’t Afke en hy op ’e wrâld set hiene. Op de foto stean, bûten de beide jubilarissen sels, mar tsien froulju en tsien manljue.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: De langste fiif minuten

logo.ensafh

‘Mar fertel no ris jím ferhalen op seksgebiet! Wol alle kearen oanhearre wat ik meimeitsje, mar sels ferhelje, ho mar! Kom op, keardels, hjoed foar de dokter mei it wetter! Lomme, do bist de âldste fan it stel. Asto no ris begjinst’. Lea nipt oan har twadde live-happydrink, sa’t se har Campari-tonic neamt. Sels hie se niis hiel wat te sizzen oer in sekere Geart fan Grins, dy’t fan sneon op snein by har yn ’t bêd der neat, mar dan ek hielendal neat fan makke. In âld ferhaal. Underwilens hawwe wy fan de fytsklub de kroech foar ússels en skinkt Jouke noch ris yn.… Lês fierder