Van Nederland moest J. Slauerhoff niets hebben, maar voor Friesland had hij een zwak

logo.ensafh

Precies 120 jaar geleden werd hij in Leeuwarden geboren, J. Slauerhoff. Zijn vader was behanger, had later een meubelzaak en de zoon groeide uit tot groot dichter. Wie kent niet de regel ‘Alleen in mijn gedichten kan ik wonen,/ Nooit vond ik ergens anders onderdak’. Geen wonder dat nu Leeuwarden Culturele Hoofdstad is, er ook voor Slauerhoff ruim aandacht is.

Lês fierder by Trouw (Janita Monna)… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Gouden hannel

logo.ensafh

Wy sitte al sawat in fearnsjier yn de ôfwikkeling fan in erfenis. De wichtichste saken litte wy notaris beregelje, sa’n man moat no ienkear ek troch de tiid en oft wy dêr mei 12 man oer gear sille dan dogge jo oars neat as fergaderje. Boppedat kin it wat lije want wy tinke dat wy nei ôfrin allegearre miljonêr binne of yn alle gefallen in moai ein dy kant út. De boat is al ferkocht, ik bedoel mar.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Lomme Schokker: Foar it sjongen de tsjerke yn

logo.ensafh

Gjin tsjerke sil ik ynrinne of ik moat fuortdaliks it plafond besjen. De tsjerke as gebou is foar my net in ôfspegeling fan in boppenatuerlike werklikheid dy’t my nei myn religieuze ûnderfining liede kin, mar in plak en bestimming foar it suver estetysk genot fan symmetry en geometry. It gewulf fan goatyske katedralen binne wat dit oanbelanget fierwei de moaiste, in ultym trochtocht bouwurk fan in werheljend ritme en raffinemint.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Abe de Vries: Skriuwe as selsrjuchtfeardiging

logo.ensafh

Der is gauris skreaun dat de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer sa ‘ûnpersoanlik’ is, dêr hoecht gjin noat mear by. Unpersoanlik, moralistysk, didaktysk en braaf-boargerlik. Dêr is fansels wol wat fan oan, mar oan de oare kant is it ek net hiel dreech om wurk te finen dat ôfwykt fan dat byld. Of om in skriuwer as Waling Dykstra, suver de ferpersoanliking fan de Fryske literatuer yn de twadde helte fan de ieu, wat minskliker ôf te skilderjen as wenst. Men hoecht mar te wizen op syn nayf-romantyske fersewurk, syn lieten, de klachten oer de dea fan frou en soantsje, in harlekyn as Hantsje-pik, it jeuzeljen fan Haitskemoai of de jeremiades tsjin it bakkersfak.… Lês fierder