Blog Jona Lendering: Reve in Greonterp

logo.ensafh

Het moet meer dan dertig jaar geleden zijn dat een medestudent me, over een bord zelfgemaakte pilav heen, vertelde dat hij kort daarvoor naar Greonterp was geweest, het gehucht in Friesland waar Gerard Reve heeft gewoond. Vooral het detail – in geuren en kleuren opgediend – dat je op het Friese platteland op sommige plaatsen alleen met een “belbus” kon komen, is me bijgebleven. (Hoofdstedelijke arrogantie, ongetwijfeld.) Sindsdien stond Greonterp ook op mijn mentale landkaart, maar het is er al die tijd niet van gekomen erheen te gaan.

Lês fierder by Jona LenderingLês fierder

Besprek ‘De trettjinde asega’ fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra

logo.ensafh

Studint natuerkunde en haadfiguer Ruerd van der Zee fynt in stikje fan in âld dokumint yn in boekekistje fan syn omke. Dat perkamint ferwiist nei de sêge fan de trettjin asega’s en neamt it kleaster fan Haskerdiken as it plak dêr’t de gouden bile úteinlik bedarre is. Lit dêr no in âld sneuper wenje dy’t graach wat yn ‘e grûn omspitte mei op syk nei ferburgen skatten. En hoe kin it sa treffe, Willem Veenstra – sa hjit er – hat okkerdeis de gouden bile opgroeven! En dan docht bliken dat de asega’s fan doe yn it djipste geheim it stokje hieltyd fan de iene oan de oare trochjûn ha, oant de dei fan hjoed ta.… Lês fierder

Kollum Hilda Talsma: Moai waar en lange dagen

logo.ensafh

En dan ynienen is it safier, maaitiid! Us provinsje hat yn in koart skoftsje tiid wer kleur krigen en it is alle dagen in kadootsje om bûten te wêzen. De kij steane yn ’t lân, de loft is blau, yn it felgriene gers groeie pinkster-, bûter- en hynsteblommen én it piipkrûd bloeit. Dan noch it sintsje derby en de wrâld om ús hinne wie wer perfekt.

Lês fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Blog Lomme Schokker: ‘Douze points’ foar Iran

logo.ensafh

‘The worst president, ever! Dy Trump hat de kloaten ferstân fan ynternasjonale polityk. Hy set de frede op it spul, is in grut gefaar foar de minskheid en boppedat draait er foar dy sneue Iraniërs de klok in flinke slach tebek.’ Auke wie lilk, mar prate nei myn oardiel wol mei ferstân fan saken om’t hy krekt werom wie fan fakânsje yn Iran. En as jo reizgje dan ha jo wat te fertellen. ‘En in ferline dat dy Iranieërs hawwe. Wat in skiednis! Hast noch noait sa’n treflik archeologysk museum sjoen as yn Teheran. In elk hat dêr mear kultuer en beskaving yn de lytse finger as dy Trump yn syn heule bealch.’… Lês fierder