Blog Lomme Schokker: De foeterkont yn my

logo.ensafh

‘Is it de âlde dei? Sis it mar. In soad, en by tiden alles wat my net nei it sin is, fyn ik hoe langer hoe mear in saak fan neat. Hielendal neat! En dat lit ik tsjintwurdich hearre ek. Dêr móat ik dan wat fan sizze, witst wol? It liket oft der alle dagen mear spul en gedoch my allemachtich tsjinstiet en oangriist. Ik neam mar wat: iepenloft festivals, rapmuzyk, krimineel nijs, djoere moade, design dweperichheid, poehaskoppers, megalomane sensaasjeprojekten. Sa kin ik noch oeren trochgean. Wol ik dêr wat fan witte? Nee, dêr wol ik skjin neat fan witte! Soademiterje op mei dy trochnaaide boel.’… Lês fierder

Blog Daam de Vries: ‘Tûzenen’

logo.ensafh

Yn de foarige blochs ha ik it al in kearmannich hân oer de sjoernalistike prestaasjes fan ús lângenoaten. No gong dat hieltyd oer in útlânske kwestje dat jo soene justjes konsideraasje mei it geile pinnefolk hawwe kinne.

By festiviteiten dy’t justjes tichter by hûs binne leit it lân der lykwols neat oars hinne. Oes Omroep, Oes Taal hat it oer Marcel, Nieuwsuur lit dyselde Maarten yn in boat nei it sikehûs fan Dokkum bringe en Laat op één wol hawwe – nei in horrorsimmer wêrnei’t jo de iel rikke en wol út it wetter plukke kinne – dat Maarten opjaan moast ‘vanwege het koude water’.… Lês fierder