Blog Lomme Schokker: O sa nochteren, dy Friezen

logo.ensafh

Se lei te wachtsjen op de dea, mei beide bern om har hinne. Sa meager wie se, sa smel en brekber. Se soe kremearre wurde kinne op in teeljochtsje, seine wy tsjin elkoar. Wat wie se eartiids bang foar alles wat oars wie en frjemd en har ûnferwachts yn ’e mjitte kaam. Deabenaud hie se west foar it tsjuster en de tonger en foaral foar it fjûr.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Kollum Aant Mulder: kleurige fjilden

logo.ensafh

Wy ha de kleurige fjilden by Sleat besjoen. De earste kearen dat ik dêr wat oer hearde, begriep ik der neat fan. Der moat dêr in gigantysk tal skilderijen yn it lân komme te stean, skilderijen dy’t dan tagelyk wer ien gehiel foarmje. Dat wurdt The Colourfield Performance neamd. Mei-inoar ien grut keunstwurk meitsje. Dat is wat keunstner Dirk Hakze foar eagen stiet. Hy wit wêr’t er oer praat, want hy hat faker sokke grutte projekten dy’t er ek wol Land-Art neamt, by de ein hân. Op in Oerolfestival makke er al in kear 144 skilderijen dy’t as in lint troch de dunen slingeren.… Lês fierder