Hjirûnder in list fan de bedragen dy’t Fryske auteurs de lêste fiif jier fan it Letterenfonds ûntfongen hawwe. Dizze sifers binne iepenbier, te finen by de Jierferslaggen fan it Fûns. Dêr haw ik de gegevens fan oernaam, dêrom is de tekst yn it Hollânsk.
Wat dit jier (2017) oanbelanget -dat jierferslach komt ommers noch – kin ik allinnich fan mysels sprekke: ik krij € 25.000. Itselde bedrach as ferline kear.
It giet sa by it Fûns: jo stjoere jo nijste boek op, mei in wurkplan foar it folgjende boek. De kwaliteit fan sawol it boek as it wurkplan wurde dan beoardiele.… Lês fierder