Kollum Aant Mulder: drûch en hyt

logo.ensafh

It is wer safier. Wy ha wer in drûge en hite simmer. Dat is al dúdlik, wylst de simmer eins noch mar krekt begûn is. Foar Peaske wie it kâld en wiet, mar dat binne we fergetten. Piet Paulusma kriget mei syn foarsizzingen gelyk. Begjin maaie hat er sein dat it in waarme simmer wurde soe. No, dat is dus wol dúdlik. It is drûch en waarm en it hat der alles fan dat we dêr de ein noch net fan ha. De lêste tiid wurdt gauris sein dat it ús eigen skuld is. It klimaat feroaret en dat dogge wysels.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Heaberch tusken twa boeken

logo.ensafh

Sûnt koart wit ik dat ik in heaberch bin. Earne yn my sit in spjelde en dy narret my. Hy stekt, hy jokket, hy lit my piipje en hoastje en hy makket it dreech om te sykheljen. En dus om te rinnen en te fytsen en oare dingen te dwaan dy’t ik graach doch. Is dy spjelde der op La Palma ynstutsen of ha ik him al folle langer? Ik ha gjin idee mar ik wit ien ding no wol, ik stean der net allinnich foar. De longarts yn Ljouwert stjoerde my troch nei Nieuwegein; dêr stiet in sikehûs dat ûndersyk docht nei ûnder oaren longsykten.… Lês fierder