De measte bokjes krije in romleas ein as yngrediïnt fan in miel ergens yn in lân dêr’t se geiten ite. Hoe sil it de bok fan Ferdinand de Jong fergean?
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De measte bokjes krije in romleas ein as yngrediïnt fan in miel ergens yn in lân dêr’t se geiten ite. Hoe sil it de bok fan Ferdinand de Jong fergean?
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
In grutte fiskersramp barde yn oktober 1927, de ‘Cleggan Bay disaster’. Der wie in stoarm by de hiele Ierske westkust lâns. Hy kaam ynienen en sûnder warskôging. De lokale fiskers wiene yn harren curraghs útfearn om op hjerring te fiskjen. Fiifenfjirtich mannen ferdronken yn see dy nacht. Tsien kamen fan de Inishkea-eilannen. Yn ien klap wiene alle sterke jonge mannen fuort. Allinnich de froulju, bern en âlderein bleaune oer. ‘The heart and soul was torn out of the village,’ seit Ian McAndrew. It Ierske regear hat doe de rest fan de befolking fan de Inishkeas helle en nei it fêstelân brocht.… Lês fierder
‘You from Holland?’ Ik hie krekt frege of er ek boeken hie fan Leslie Thomas, de skriuwer fan it boek dat ik yn tiden fan mislik-en-minnichheid it leafst lêze wol –The adventures of Goodnight and Loving-, of de eigener fan de Tiny Book Store yn Rye hearde al wêr’t ik wei kaam. Nee, ek hy hie neat fan Thomas op foarrie, mar wol wat oars en driuw my in lyts blau boekje yn de hannen: Alice in Brexitland, fan ‘Leavis Carroll’. ‘Very funny, dit moatte jo lêze’. En sa kaam oan it ein fan trije wiken fakânsje yn Ingelân it petear noch ien lêste kear op Brexit (einstân: 17 minsken anti, trije pro).… Lês fierder
Jelle sei fan ‘e wike dat ik net mear sa moedich bin as eartiids. We hiene it oer it silen en oer in tochtje dat we ris makke ha op it skûtsje dat er doe hie. We wiene tegearre, ik wie in jier of 19 en hie hielendal gjin doel oer it silen, fierder. It skûtsje moast fan Harns nei Makkum en wy setten ôf mei moai waar. Mar geandewei de reis waard it hieltyd minder en helle de wyn flink oan.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Hy hellet in blêd út it rek mei tydskriften, parkearret syn tas op de stoel njonken him en stekt syn fuotten langút ûnder de lêstafel.
Sy komt al beljend oanrinnen. ‘Wat, nee, dat mienst net, do soest dochs…!’ Mei in klap set se har cowboysbag op ’e tafel, pakt der in boek út, leit de telefoan der neist en ploft suchtsjend del.
Lês fierder by Ypie Haitsma… Lês fierder
It wêzen fan fiksje is dat it fiksjoneel is. Literêre skriuwers boartsje mei de wierheid en jo kinne it har net oanrekkenje dat se dingen skriuwe dy’t ûnwier of ûnaardich of ûnwettich binne. Dat kin letterlik net, alteast yn Nederlân. Yn 1968 hat de Hege Rie it oardiel fan de rjochters yn it ezelproses tsjin Gerard van het Reve bekrêftige. Dêrby waard literatuer as in fiksjoneel domein definiearre, dêr’t de yntinsje fan de auteur útmakket hoe’t in tekst ynterpretearre wurde moat. Om’t dy net objektyf te mjitten is, is fiksje in frij spylfjild fan de skriuwer, dêr’t de wetten fan ‘e bûtenliterêre werklikheid net jildich binne.… Lês fierder
Der is hjoed in ein kommen oan in benearjend aventoer nei in ûngemak. Dat is alderprachtichst. Ik bin al bang dat har noch hiel wat te wachtsjen stiet, ôfsjoen fan dat de lea fansels noch lang gjin hûndert punten is. Der is al in dûker omkommen, dat is minder moai.
Lês fierder by Daam… Lês fierder