Kollum Aant Mulder: FUEN wol yn petear

logo.ensafh

Wy moatte mei-inoar yn petear. Dy resolúsje fan it FUEN-kongres hat yndruk op my makke. Mar lit ik by it begjin begjinne. Fan woansdei 20 juny oant en mei snein 24 juny waard yn Ljouwert it 61ste jierkongres fan de FUEN holden. De FUEN, dat is de Federal Union of European Nationalities. Ik neam dat mar de Europeeske organisaasje foar minderheden en minderheidstalen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Besprek Master fan Alle Ringen, diel 2: De Twa Tuorren

logo.ensafh

De earste kear dat ik hearde fan Tolkien syn The Lord of the Rings wie yn ‘e kibbutz yn Israël, yn 1999. Tegearre mei Oliver út Kolombia en Pavel út Tsjechië bewenne ik dêr in keamer yn it húske mei de namme The Cuckoosnest. We sieten de middeis nei it wurk op it fjild rjochtop op ús bêden mei it kessen yn ‘e rêch te lêzen. Pavel lies Dostojevski, ik de Bibel en Oliver lies de Spaanske oersetting fan The Lord of the Rings: El Señor de los Anillos. No en dan liet er it boek sakje en fersuchte: “Wonderful man, this wonderful”.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Afscheid (voorlopig) van De Schoolschrijver

logo.ensafh

Al weken hikte ik er tegenaan: het afscheid van ‘mijn’ schooltje in Twizel. De school waar ik me het eerste jaar zo op mijn gemak had gevoeld en waar het tweede jaar zo anders was. Ik sprankelde niet, zei de directeur na de derde les. Hoe kwam dat toch? Ik had geen idee, maar merkte het zelf ook. Misschien omdat ik de kinderen dit jaar wilde laten schrijven over feiten? Teveel feiten, te weinig fantasie? Ik ging terug naar de fantasie en de vreugde bij de kinderen was er weer. Met groep 7 en 8 bezochten we Tresoar en deze feiten spraken de kinderen bijzonder aan.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Notysjes út Ingelân (2)

logo.ensafh

Stratford upon Avon sa tichtby, dêr moast ik wol hinne. It stedsje stelde net folle foar, tefolle Shakespeare, tefolle minsken en tefolle lege winkels. Mar it lei romantysk oan de rivier, hie wat âlde hûzen en in pear winkels mei twaddehânske boeken. Yn de Chaucer Head Bookshop kocht ik Shakespeare fan Bill Bryson. Bryson is de Amerikaanske Geert Mak en skriuwt ek oer fan alles en noch wat, mar mei mear ûnearbiedigens en grapmakkerij. ‘Brilliantly funny and gently insightful’, stie op de omslach. Ik wie ferkocht.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Daam de Vries: Dei sân

logo.ensafh

In pear wike lyn wie der in famke foar de radio. Se wie oan it strânhimmeljen by Harns, it is ûnhuer hokker rotsoai de lju allegearre wol net efterlitte en dat is in ramp foar de bistjeboel. Ik bin mear fan it stânpunt dat ik in oar syn rotsoai net hoech op te romjen mar sa’n famke soene jo noch of in hiel soad respekt foar hawwe kinne. Oant se yn in bysin seit dat se krekt nei in jongereinkonferinsje oer miljeudingen yn New York west hat.

Lês fierder by DaamLês fierder